Leienske Ryn

Lokaasje Leienske Ryn
De Leienske Ryn tusken Harmelen en De Meern

De Leienske Ryn (Nederlânsk en offisjeel: Leidse Rijn of ferâldere: Leidsche Rijn) is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Utert mei in lingte fan 13 km. It kanaal begjint yn de stedsgrêft fan de stêd Utert en is winliken de fuortsetting fan de Kromme Ryn. It rint westlik, krúst it Merwedekanaal en it Amsterdam-Rynkanaal en rint by de plakken De Meern en Harmelen del dêr't it útkomt yn de Alde Ryn, dy't by Katwyk oan See de Noardsee yn streamt.

It wetter waard foar in part yn de Lette Midsiuwen en foar in part yn de santjinde iuw groeven om't de rin fan de Alde Ryn hieltyd mear meändere en fersâne.

De Utertske wyk Leidsche Rijn is nei it kanaal neamd.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy